Thijsje Oenema nij pr op 500

Thijsje Oenema © awfoto.nl
Thijsje Oenema hat by de wrâldbekerwedstriden sprint yn Calgary har persoanlik bêste tiid op de 500 meter mei twahûndertste ferbettere. De Jouster ried 37.64. Dyselde tiid klokte ek Laurine van Riessen. Yn tûzensten wie Van Riessen krekt rapper. It betsjutte in fiifde plak en in sechsde foar Oenema. Margot Boer waard njoggende yn 37.78 en Marrit Leenstra sechstjinde yn 38.53. Krekt as alle oare kearen dit seizoen wie Sang-Hwa Lee fan Koreä mei 36.99 wer de bêste. Heather Richardson waard mei 37.12 twadde en Jing Yu tredde yn 37.28.
De Nederlânske froulju krije snein opnij de kâns om it nasjonale rekôr op de 500 meter te ferbetterjen. Dat rekôr stiet al sûnt 2002 op namme fan Andrea Nuyt mei 37.54, riden yn Salt Lake City. Oenema en Van Riessen sitte der noch mar ientsiende boppe.
Jan Smeekens ried wol in nij Nederlânsk rekôr op de 500 meter. De Sallander, dy't al in pear jier yn Snits wennet, ferbettere syn eigen toptiid mei 0.08 en kaam út op 34.32. Dy tiid wie ek de winnende tiid.