Knegt en Breeuwsma nei finale

19 jan 2013 - 19:19

Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma ha mei Niels Kerstholt en Freek van der Wart de finale helle op it ûnderdiel 5000 meter ôflossing op it EK yn Malmö. De Nederlânske ploech, twafâldich Europeesk kampioen, wûn de heale finale foar grutte konkurrint Ruslân. Snein wurdt de finale riden. Dan komt klassmintslieder en regearend Europeesk kampioen Sjinkie Knegt ek noch út yn it yndividuele toernoai op de 1000 en de 3000 meter. De Nederlânske frouljusploech is ek finalist op de 3000 meter ôflossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)