Sjinkie Knegt twadde yn Malmö

19 jan 2013 - 17:19

Shorttracker Sjinkie Knegt is sneon op it EK yn 'e Sweedske stêd Malmö twadde wurden op de 500 meter. De Bantegeaster kaam yn de finale as lêste út 'e start, mar koe nei in knappe ynhelrace noch krekt it twadde plak helje. De winst op de koarte ôfstân gie nei de Rus Vladimir Grigorev.

Knegt waard freed earste op de 1500 meter. Nei twa ôfstannen giet er no oan de lieding op de Europeeske kampioenskippen yn Malmö. Snein komt Knegt noch út op de 1000 en de superfinale fan 3000 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)