Teddybearen foar Flyers

19 jan 2013 - 00:27

De iishockyers fan It Hearrenfean spilen freed foar it earst ûnder de nije sponsornamme UNIS Flyers. Op Thialf wie ferliezend bekerfinalist Eindhoven in taaie tsjinstanner. Mei de perioadestannen 1-2, 1-0 en 1-0 wûn de Flyers mei 3-2.

Opmerklik momint yn de wedstriid wie it teddybearsmiten. By de earste goal fan de thúsploech mocht it publiek knuffels op it iis goaie, en dat barde massaal. Nei de 1-1 fan Jurryt Smid leinen der 6680 bearen op it iis.
Dêrnei soarge Sander Dijkstra mei twa treffers foar de fertsjinne winst.

It teddybearsmiten is in fenomeen dat oerwaaid is út Amearika. By de earste goal fan de thúsploech wurde dan safolle mooglik kûzelbisten op it iis smiten. Uteinlik lizze der 6680 oankrûpbisten op it iis. Dy wurde troch de stichting Teddybears For Help oan bern oer de hiele wrâld jûn dy 't yn earmoed libje of iensum binne. De Flyers winne de wedstryd tsjin Eindhoven mei 3-2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)