'Grut wyld net mear ôfsjitte'

It belied om edelharten, wylde bargen en damharten dy't de provinsjegrins oerkomme ôf te sjitten, moat oars. Dat fine Natuermonuminten, Steatsboskbehear en It Fryske Gea. Dêr heart wol it betingst by dat it grutte wyld allinnich yn grutte natuerterreinnen thúsheart.
De diskusje lôget wer op no't Steatsboskbehear en Natuermonuminten yn Drinte beswier meitsje tsjin it beslút fan de provinsje dêr om dy bisten ôf te sjitten as se nei Drinte komme.
It Drents-Friese Wold wurdt dêrby neamd as in natuergebiet dêr't bêst plak is foar grut wyld. En dat is in gebiet dat foar in part ek yn Fryslân leit. As de natuerklups gelyk krije yn Drinte soe de situaasje ûnstean dat it grutte wyld yn it Drents-Friese Wold allinnich oan de Drintske kant feilich is.