"Muorrekeatsen Olympysk"

18 jan 2013 - 16:52

It muorrekeatsen moat op termyn in Olympyske sport wurde. Dat waard freedtemiddei dúdlik op in presintaasje fan it projekt One Wall Handball fan it keatsbûn KNKB.
Der is in spesjale projektgroep oprjochte dy't it muorrekeatsen earst oer Fryslân en dêrnei oer it hiele lân populêr meitsje moat. Dêrneist is der oansluting socht by de ynternasjonale muorre keatsorganisaasje. Projektlieder is Geert Vandervelden. Hy is in Belch, dy't 5 jier bûnskoach fan België west hat, mar ek al in skoft bekend is yn de Fryske keatswrâld.

Trefwurden: 
keatsen muorrekeatsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)