'Oerisel ûnearlik dwaande'

De trije noardlike provinsjes hawwe spul mei de provinsje Oerisel oer de oankeap fan kantoargebouwen. It Noarden beskuldiget de buorprovinsje derfan troch ûnearlike konstruksjes rykstsjinsten binnen te heljen.
Neffens kommissaris fan de Keninginne Tichelaar fan Drinte giet it om in bedrach fan 8 miljoen euro. Mei dat jild wurde tsjinsten lokt dy't no noch yn Fryslân, Grinslân of Drinte sitte. It Noarden hat it yntusken oankaart by minister Plasterk fan ynlânske saken. De provinsje Oerisel ûntkent de beskuldigings.