Stroomsteuring Hjerbeam

18 jan 2013 - 15:04

De stroomsteuring by 30 húshâldens yn Hjerbeam is oer. De steuring is om likernôch healwei ienen middeis ûntstien. Wat de oarsaak fan de steuring is, is net bekend. De mjitstsjinst fan netbehearder Liander is op syk nei wêr't it probleem krekt sit.

Om't der ek in probleem is mei in brutsen wetterlieding hat it oant sân oere jûns duorre foardat it oplost wie. Troch de steuring foelen ek de CV-ynstallaasjes út. Bewenners fan it doarp sochten waarmte by minsken mei in houtkachel.

Trefwurden: 
stroomsteuring Hjerbeam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)