'Wierheidskommisje goed idee'

It ynstellen fan in wierheidskommisje foar hurdfytsers soe in goed middel wêze kinne om dopinggebrûk te bestriden. De betingsten moatte dan al sa wêze dat it de fytsers ek útnoeget har ferhaal te dwaan. Dat seit âld-Frjentsjerter Luuc Eisenga yn reaksje op it ynterview fan Lance Armstrong mei Oprah Winfrey.
Armstrong bekende dêr dat hy doping brûkt hat. Eisenga dy't direkteur wurdt fan de feriening foar profesjonele hurdfytsploegen AIGCP seit dat troch iepen te wêzen foarkaam wurde kin dat deselde flaters makke wurde.
Ek kin sa it dopingmisbrûk yn de takomst folle better oanpakt wurde. Armstrong sei yn it ynterview syn ferhaal ek dwaan te wollen foar sa'n wierheidskommisje. Eisenga bliuwt nei it earste part fan it ynterview mei in soad fragen sitten. Sa is lang net helder wurden hoe't it dopingsysteem fan de Amearikaan krekt wurke.