'Akademy kin net ûnder de UCF'

18 jan 2013 - 12:53

De Fryske Akademy moat gewoan by de KNAW, de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen, bliuwe. Dat seit Annigje Toering fan de FNP as reaksje op it berjocht dat de KNAW fynt dat de Akademy net yn har lange termynfyzje past. Yn in mail oan Omrop Fryslân docht de KNAW de suggestje dat de Fryske Akademy yn 'e takomst mooglik ûnderbrocht wurde kin by de UCF, de University Campus Fryslân.

Neffens Annigje Toering is de UCF gjin alternatyf. De UCF is in jonge netwurkorganisaasje en gjin ynstitút dêr't in Fryske Akademy ûnder falle kin.

Toering tinkt fierder dat it wol in slach tafalle sil mei de bedrigings foar de Akademy. It jild dat de Akademy fia de KNAW krijt is neffens Toering earmerke jild. Sels yn it gefal dat de KNAW ôfstân nimt fan de Akademy, komt dat jild de Akademy ta op basis fan it bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer, sa mient Toering.

De UCF woe freed sels net reagearje op de suggestje fan de KNAW dat de Akademy wol ûnder de UCF falle kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)