Passazjier stelt jild út bus

In buspassazjier hat tongersdei yn Ljouwert jild út in kassalaad fan in bus stellen. De man wie yn Aldtsjerk ynstapt en woe der by it busstasjon wer út. By it úttsjekken gie wat mis en dêr waard de man lulk om. Hy reagearde him ôf op de bussjauffeur en die in greep yn de kassa. Dat smiet him sa'n tsien euro oan muntjild op.
De man naaide út yn de rjochting fan de Sophialeane en is net wer weromfûn. De plysje siket minsken dy't wat sjoen hawwe.