Plannen foar Kultuerhûs

18 jan 2013 - 09:52

De kultuerynstellings op It Hearrrenfean ûndersykje oft der in Kultuerhûs komme kin yn it sintrum fan it doarp. It giet dan bygelyks om museum Willem van Haren, de bibleteek, it Posthuisteater en it museum Belvédère.

De organisaasjes wolle de ûnderlinge gearwurking fersterkje en dat kin it bêste as ferskate aktiviteiten en organisaasjes ûnder ien dak komme. It ûndersyk duorret twa moanne. Dêrnei wolle de organisaasjes meielkoar en mei de gemeente prate oer hoe't se fierder gean wolle mei it plan foar in Kultuerhûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)