Fryske Akademy yn swier waar

De Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen KNAW freget him ôf oft de Fryske Akademy wol ûnderdiel bliuwe kin fan de organisaasje. De KNAW sil hjir op koarte termyn oer prate mei de Akademy en de provinsje, sa skriuwt de KNAW yn in mail oan Omrop Fryslân.
It ferbrekken fan de bân troch de KNAW soe grutte konsekwinsjes hawwe foar de Fryske Akademy. Dy krijt alle jierren sa'n 1,6 miljoen euro fan de KNAW. As dat jild fuortfalt kostet dat banen by de Fryske Akademy. De bydrage fan de KNAW is mear as de helte fan de begrutting.
De KNAW hat in nij ynstitutebelied ûntwikkele. De KNAW wol dat de oansletten ynstituten de krêften bondelje, hiel nau gearwurkje mei universiteiten en byinoar sitten gean. De oansletten ynstituten op it mêd fan de A-wittenskippen (sis mar taalkunde, skiednis en oanbelangjende saken) wurde de kommende jierren byinoar brocht yn ien nij KNAW Humanities Center yn Amsterdam, tichtbij de Universiteit. De Fryske Akademy hat oare nijbouplannen. De Akademy wol yn de binnenstêd in nij gebou delsette foar 7 miljoen euro. Omdat yn Ljouwert yn 2011 in hiele lytsskalige universiteit oprjochte is, de UCF, soe de KNAW it logysk fine dat de Akademy dêr by oanslút.
De Fryske Akademy is al sûnt 1990 oan de KNAW ferbûn. Ien en oar is regele yn it bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer (BFTK) tusken Ryk en provinsje. Bykommend probleem is dat der op dit stuit gjin jildich bestjoersakkoart is. It âlde bestjoersakkoart is ôfrûn en der is noch gjin nijen ien. Fierder wurdt by de KNAW wurke mei perioades fan seis jier, rekkene fan de lêste eksterne evaluaasje ôf. Dat betsjut dat de KNAW op syn betiidst yn 2015 fan de Akademy ôf kin.
Direkteur Reinier Salverda fan de Fryske Akademy wol net op dit ferhaal reagearje salang de KNAW en de provinsje, de twa belangrykste jildsjitters fan de Akademy, mei-inoar yn petear binne. Deputearre Jannewietske de Vries stiet op it stânpunt dat de Fryske Akademy oan de KNAW ferbûn bliuwe moat.
KNAW, Fryske Akademy en de provinsje geane de kommende tiid yn petear, mar wol fanút hiel ferskillende ynfalshoeken. De provinsje wol dat de Akademy by de KNAW bliuwt, wylst dat foar de KNAW hielendal net fanselssprekkend is. De Akademy sil sels fol oan de bak moatte om hjir goed út te kommen.