Sportfûns populêr troch krisis

17 jan 2013 - 22:39

Sport Fryslân ferwachtet mei troch de krisis dit jier wer in soad oanfragen te krijen foar bydragen út it Jeugdsportfûns Fryslân. Alden fan bern yn earme gesinnen kinne in oanfraach dwaan om in pear hûndert euro te krijen, sadat se har bern oanmelde kinne by in sportferiening en sportklean keapje kinne. De ôfrûne jierren nimt it tal oanfragen bot ta. Yn 2012 waarden der 350 oanfragen dien, wêrfan 271 takend waarden.

It jild yn it fûns komt fan it nasjonale Jeugdsportfûns, de provinsje, Fryske gemeenten, sponsoren en giften.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)