Maraton Gramsbergen ôfbrutsen

De tredde maraton op natoeriis yn Gramsbergen is by de manlju net útriden. Healwei de wedstriid wie der in massale falpartij mei gaos en blessueres as gefolch. De falpartij ûntstie troch de minne iisflier. De sjuery koe doe net oars as de wedstriid ôfbrekke.
De froulju makken wol dien wurk. Op it poadium deselde trije froulju as yn Noardlaren en Haaksbergen, allinne de folchoarder wie oars. Irene Schouten wûn, foar Mariska Huisman en Foske Tamar van der Wal. Freed is de finale wedstriid yn Veenoord.