Wer mear gemalen út

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân hat yntusken 85% fan de poldergemalen yn de provinsje útset. De maatregel is bedoeld om de iisgroei te befoarderjen. Troch de matige froast bliuwt de ynset fan in oantal gemalen yn foaral it midden, suden en it súdeasten fan de provinsje needsaaklik.
Sa wol it Wetterskip foarkomme dat opkommend grûnwetter soargje kin foar wetteroerlêst. Ek yn it noarden draaie noch inkele gemalen. It wetterpeil moat dêr ûnder it drainaazjenivo bliuwe oant it stranger friest.
Dit is nedich om in betroubere iisflier te krijen.