Ierdgasbussen foar Ljouwert

17 jan 2013 - 19:04

Alle tweintich stedsbussen yn Ljouwert ride mei yngong fan tongersdei op ierdgas. Hjirmei wolle de provinsje Fryslân, ferfierder Arriva en de gemeente Ljouwert de útstjit fan gassen ferminderje. Neffens deputearre Johannes Kramer is ierdgas de earste stap en is it doel om op termyn oer te stappen op grien gas, sadat it ferfier yn Fryslân noch duorsumer wurdt.

De bussen op ierdgas binne krekt wat heger as de oare bussen fan Arriva, omdat de brânstoftank op it dak sit.

Trefwurden: 
Arriva ierdgas stedsbussen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)