Cambuur net tsjin Fortuna

17 jan 2013 - 18:02

De wedstryd fan Cambuur freed út tsjin Fortuna Sittard giet net troch. Yn ferbân mei de snie dy't de ôfrûne dagen fallen is yn Limboarch, is der net te spyljen op it fjild fan Fortuna. It soe de earste wedstryd wêze fan Cambuur nei de winterstop. No moandei moat Cambuur út tsjin Emmen.

(advertinsje)