Ynnovaasjehûs yn Bûtenpost

17 jan 2013 - 15:58

Yn Bûtenpost wurdt hurd wurke oan in ynnovaasjehûs. Dat is in plak dêr't bedriuwen mei-inoar gearwurkje om wat nijs te betinken foar har bedriuw. Uteinlik moat it ynnovaasjehûs hûndert nije wurkplakken opsmite. Ynnovaasjehuzen binne der foaral yn grutte stêden. Yn doarpen komme se eins net foar. Twa jier lyn seach inisjatyfnimmer Everts yn Denemarken in ynnovaasjehûs yn in fergelykbere regio as Noardeast-Fryslân. Op it stuit binne der trije bedriuwen dy't oerweagje om har yn it hûs te festigjen. Ein dit jier moatte der in stik of acht sitte.

It ynnovaasjehûs iepenet de doarren op moandei 4 febrewaris.

Trefwurden: 
Bûtenpost ynnovaasjehûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)