Startskot Fryske Olympiade

17 jan 2013 - 15:20

Tongersdeitemiddei is de offisjele start fan de Fryske Olympiade. It idee fan de Olympiade is om de trije grutste Fryske sporten - fierljeppen, keatsen en skûtsjesilen - op ien dei, op ien plak byelkoar te bringen. Op 14 en 15 juny sil it grutte evenemint plakfine op in terrein oan de Wide Ie by de Burgumermar. It úteinlike doel is om de Olympiade ynternasjonaal op 'e kaart te setten. It idee fan de Olympiade komt fan âld-fierljepper Evert Wilstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)