Earste riders op Iselmar

17 jan 2013 - 13:03
  • In reportaazje by Gaast
  • In reportaazje by Makkum

Hoewol't de grutte wetters yn Fryslân noch lang net fertroud binne, weagje de earste riders har yntusken op 'e Iselmar, op 'e Makkumer Súdwaard. Neffens de riders leit it iis der prachtich yn. Foarearst kinne se allinnich mar rûntsjes ride. Letter dizze wike ferwachtsje de riders nei Warkum ride te kinnen.

Trefwurden: 
Iselmar iis riders
(advertinsje)