Elektryske auto lêst fan kjeld

Elektryske auto's prestearje folle minder no't it foar langere tiid friest. De akku's binne flugger leech en je kinne dus minder fier ride. Ek al om't de ferwaarming ek stroom brûkt. Neffens ûndersyksynstitút TNO skeelt it wol fyftich persint. Dat fine guon elektryske autobesitters oerdreaun. Yn de praktyk ride se mei harren auto gjin 160 kilometer lykas simmers, mar sa'n 100 kilometer yn de winter.