UNIS Group sponsor fan Flyers

UNIS Group út Grou is fan no ôf de haadsponsor fan de Friesland Flyers. UNIS Group ferbynt him foar de kommende oardel jier oan de iishockeyklup mei in opsje op noch twa jier. UNIS Flyers wurdt de nije namme. UNIS Group is in bedriuw dat spesjalisearre is yn it reparearjen fan yndustriële elektroanika.
Foarsitter Henk Hoekstra fan de Flyers seit tige wiis te wêzen mei de nije sponsor. IIsstadion Thialf profitearret ek fan de oerienkomst. Underdiel is nammentlik dielname fan de UNIS Group oan de Thialf Business Club.