Heijltjesfertochte langer fêst

17 jan 2013 - 10:51

De 37-jierrige man dy't derfan fertocht wurdt belutsen te wêzen by de dea fan Marijke Heijltjes út Easterwâlde bliuwt nochris sechtich dagen fêstsitten. Dat hat de Ljouwerter rjochtbank besletten. Frou Heijltjes waard yn septimber ferline jier dea fûn yn har hûs oan de Klazingawei, de fertochte waard in pear moanne letter oppakt. Hy bliuwt net allinne fêstsitten, hy mei ek gjin kontakt ha mei oaren as syn advokaat. Dat wie de ôfrûne tiid ek al sa. De advokaat fan de fertochte hat beswier yntsjinne tsjin it langer fêsthâlden.

De behanneling fan dat beswier wurdt oer in pear wike ferwachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)