Fryslân en sosjale media

16 jan 2013 - 18:00

Yn de lanlike top 10 fan gemeenten dy't aktyf binne op it mêd fan sosjale media stean mar leafst fiif Fryske gemeenten. De top 10 oer desimber foarich jier is fêststeld troch de website GemeenteBuzz. Op it earste plak stiet Flylân en dat wurdt folge troch Skylge, It Amelân en Skiermûntseach. De gemeente Hearrenfean stiet sande.

Neffens it ûndersyk binne it foaral de meiwurkers fan de gemeentlike ôfdielingen kommunikaasje dy't sosjale media ynsette. De top 10 wurdt alle moannen gearstald.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)