Skoalle Toppenhuzen feilich

© Omrop Fryslân, Anne-Jan de Jong
Basisskoalle It Harspit yn Toppenhuzen krijt as earste skoalle yn Noard-Nederlân it Keurmerk Veilige School. Ut ûndersyk hat bliken dien dat in protte basisskoallen de feiligens net goed op oarder hawwe.
Yn Toppenhuzen gie it dan foaral om it ûntbrekken fan in sintraal ûntrommingsalaarm. Dêr is de lêste twa jier flink yn ynvestearre en ek alle oare feilichheidssaken binne by de tiid brocht. De skoalle krijt dêrom ein jannewaris it Keurmerk.