Doping by tocht fan 1963

16 jan 2013 - 17:03

Yn de Alvestêdetocht fan '63 soe doping yn it spul west ha. Dat seit Jeen van den Berg yn de útstjoering fan Andere Tijden Sport. Van den Berg krige frjemde piltsjes oanbean fan de yntusken ferstoarne rider Anton Verhoeven. Hy hat betanke.

Freed is it 50 jier lyn dat de hel fan '63 riden waard. Jeen van den Berg kaam doe as tredde oer de streek. Ek winner Reinier Paping en Jan Uitham, de nûmer twa, fertelle har ferhaal yn Andere Tijden Sport. It programma is woandeitejûn te sjen op Nederlân 1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)