Grutste part gemalen al útset

IIs mjitte © Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân hat yntusken tusken de 75 en 80 persint fan de poldergemalen útset. De maatregel is bedoeld om de iisgroei te befoarderjen. Allinne yn gebieten dy't leech lizze, moatte de gemalen noch draaie, om't troch de tafier fan grûnwetter oars kâns op wetteroerlêst bestiet. It Wetterskip besjocht alle dagen oft der mear gemalen útset wurde kinne. Om't it noch altyd net strang friest, is de grûn noch net djip beferzen en komt der foaral yn djippe polders kwelwetter nei boppen. Dat moat fuortpompt wurde.