Skoalfersom op MBO werombrocht

Hieltyd minder Fryske MBO-ers hâlde op mei har oplieding sûnder dat se in diploma hawwe. By it Friesland College is it tal learlingen dat útfalt mei 36 persint werombrocht. By de Friese Poort wie dat tweintich persint. Lanlik sjoen binne der ek hieltyd mear learlingen dy't har diploma helje op in MBO-skoalle. It Friesland College skoart heech mei it werombringen fan skoalfersom, it stiet lanlik op it fjirde plak. De skoalmienskip docht it goed om't se de learlingen goed folgje en ek wurde âlden earder ynskeakele as it net goed giet.
De oanpak fan de Friese Poort docht ek fertuten mei in skoare fan 5,4 prosint by in lanlik gemiddelde fan 7 prosint. De oplieding begjint mei in persoanlike intake om de studint by de goede oplieding te krijen.