Brantsje yn wenkeamer Drachten
In Drachtster (39) moast tiisdeitejûn foar ûndersyk nei it sikehûs. De bewenner fan it Roggepad yn Drachten hie in soad reek binnenkrigen nei't er in brantsje yn de wenkeamer mei in amer wetter útmakke hie. It fjoer is nei alle gedachten ûntstien by it te waarm wurden fan sfearkearskes.