Man mishannele en berôve
De plysje ûndersiket de mishanneling fan in 48-jierrige Ljouwerter. Dy is tiisdeitenacht mishannele en ek berôve fan syn beurs, doe't er op 'e Wurdumerdyk op yn taksy stie te wachtsjen. Neffens eigen sizzen waard er mishannele troch in jonge, dy't mei in famke foarby kaam. De man rekke licht ferwûne.