Rutger Hauer yn Fryske reklame

16 jan 2013 - 10:59
  • Rutger Hauer yn Fryske reklame
  • Dirk van der Meulen

De akteur Rutger Hauer spilet yn in Fryske reklamespot. Yn de rol dêr't Hauer bekend mei wurden is, de ridder Floris, sit hy op in Frysk hynder en hy praat ek Frysk. It giet om in spotsje fan de bêdesaak Meulen & Baarsma, makke troch de Fryske filmregisseur Mirjam de With. De kommersjal is opnaam yn de bosken by Beetstersweach.

Rutger Hauer hat meiwurke omdat er de helte fan it jier yn Fryslân wennet en graach ris wat yn it Frysk dwaan woe. Hy hat sels it ferhaal betocht en it skript skreaun.

(advertinsje)