Auto by Berltsum yn de sleat

16 jan 2013 - 10:57

In 26-jierrige man út Grou is tiisdeitenacht ferwûne rekke by in ûngelok yn Berltsum. De man ferlear op de Gernierswei de macht oer it stjoer, nei alle gedachten omdat er in stoeprâne rekke. Hy slipte en kaam ta stilstân yn in sleat. De man rekke nei alle gedachten licht ferwûne, mar is út foarsoarch wol nei it sikehûs brocht. De auto moast fuortsleept wurde.

Trefwurden: 
plysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)