Plysje hâldt ynbrekkers oan
De plysje hat tiisdeitejûn by Ljouwert trije ynbrekkers oanhâlde kinnen. De trije wiene koart dêrfoar betrape yn in hûs oan de Siaerdamasingel yn Dronryp. Se naaiden út yn in auto, mar koene achterhelle wurde. Oft se ek wat meinaam ha, is net dúdlik.