Mishanneling op It Hearrenfean

16 jan 2013 - 10:43

Seis ynwenners fan It Hearrenfean binne tiisdeitejûn oanhâlden foar mishanneling. Op de Wederik is in man (22) skopt en slein. De oanlieding fan de fjochtpartij is net dúdlik. De plysje docht buertûndersyk. De fjouwer manlju en twa froulju, fan tusken de 22 en 27 jier, binne ynsletten.

(advertinsje)