Winkelgebiet moat geselliger

De winkelgebieten yn de stêden en grutte plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân moatte de kommende jierren gastfreonliker en geselliger wurde. Dat doel stiet beskreaun yn in konsept-fisy oer de takomst fan de detailhannel yn de gemeente. Om klanten te lûken is it foaral wichtich dat winkels yn ien gebiet konsintrearre wurde.
Dêrneist moatte winkelgebieten der skjin en oantreklik útsjen. Der sil neitocht wurde om bygelyks fergees ynternet oan te bieden oan besikers fan winkelgebieten.