Tocht fan '63 op Omrop Fryslân

De Alvestêdetocht fan 1963 © ANP
Freed is it 50 jier lyn dat de barre tocht fan ’63 riden is. Omrop Fryslân hat op dy dei op radio en televyzje rom omtinken foar dizze histoaryske Alvestêdetocht, de swierste dy't oait riden is. Omrop Fryslân stjoert oerdei dokumintêres út oer de Alvestêdetocht. Op de radio wurdt praat mei riders fan dy tocht en der binne fragminten te hearren fan de tocht yn 1963. Ek wurdt live ferslach dien fan de reüny fan it Reedrydmuseum yn Hylpen. In tal riders dy't de finish net hellen, binne te gast yn Need op Freed.
Omrop Fryslân komt ek mei in aksje yn de websjop. In hiele moanne lang, fan 18 jannewaris oant 18 febrewaris, kostet de dvd ‘De Alvestêdetocht’ gjin € 30,50 mar € 20,-. De dûbel-dvd, mei de folsleine skiednis fan de Alvestêdetocht, is te bestellen op www.sjop.omropfryslan.nl.