Undersyk himp yn Easterwâlde

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf lit in ûndersyk dwaan nei de aard en skaal fan de himpkweek en -hannel yn Easterwâlde. It doarp is al in skoft it toaniel fan gewelddiedige insidinten, dy't yn elts gefal foar in part oan it himpsirkwy relatearre binne. Yn koarte tiid waarden der twa ynwenners om it libben brocht, wiene der oerfallen, ynbraken en waarden der meardere weedkwekerijen oprôle. De plysje fiert it ûndersyk út en ferwachtet dêr twa wike de tiid foar nedich te hawwen.
Oosterman hopet dat it liede sil dat der tiidlik ekstra plysjeminsken ynset wurde kinne om de himpkriminaliteit yn Easterwâlde te bestriden.