Fertochte langer fêst

15 jan 2013 - 17:14

De fertochte fan de deadlike sjitterij yn Easterwâlde moat noch fjirtjin dagen langer fêstsitten bliuwe. Dat hat de rjochter-kommissaris tiisdeitemiddei besletten. De 29-jierrige fertochte waard fuortendaliks nei de sjitterij op de Hoge Esch oanhâlden.

By de sjitpartij kaam in 51-jierrige man út Easterwâlde om it libben. Hy waard fûn yn de tún fan minsken dêr't er op besite wie. Yn it hûs fan dy minsken waard ek in grutte partij himp fûn, dy't yn plastik pûden ynpakt stie.

Trefwurden: 
Easterwâlde sjitterij
(advertinsje)