Hospes wint yn Steggerda

15 jan 2013 - 16:11

Jesper Hospes fan It Hearrenfean hat tiisdei yn Steggerda de earste koartebaanwedstriid op natueriis wûn. Twadde waard Freddy Wennemars en tredde Aron Romeijn. Hosper is twafâldich Nederlânsk kampioen op de koartebaan. Tweintich reedriders kamen twa oan twa tsjin-inoar út oer in ôfstân fan 160 meter. Hospes hie him tiisdeitemoarn pas opjûn foar de wedstriid.

It totale prizejild is mei-inoar 600 euro. De winner kriget 200 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)