Wetterskip lit iis groeie

Fiifhûndert poldergemalen binne tiisdei útset om de soargjen dat it natoeriis oangroeie kin. Net alle gemalen bin útset, omdat op djipper lizzende plakken noch hieltiid grûnwetter omheech komt. Omdat it net hiel hurd friest, is de grûn yn de djippere lagen noch net beferzen.
Woansdei wurdt besjoen oft mear poldergemalen útset wurde kinne. Sneintejûn en moandei binne de grutte gemalen stilset om it natoeriis in kâns te jaan. Sa lang as der meald wurdt, stiet it wetter net stil en duorret it langer foardat it iis sterk is.
It wetterskip hat in soad oerlis mei de provinsje en it iisbûn oer de bemealling en de iisomstannichheden.