Lyaemer jout 'hierdersalarm'

15 jan 2013 - 13:40

Wenningboukorporaasje Lyaemer Wonen hat de hierders in brief stjoerd wêryn't dy oproppen wurde in petysje te tekenjen tsjin besunigings fan it kabinet en de ynfiering fan in ferhierdersheffing. Foar de korporaasje hat dat ta gefolch dat it yn 2017 goed ien miljoen euro oan Den Haach ôfstean moat.

Dat soe betsjutte dat Lyaemer minder nije hierwenten bouwe kin. Boppedat kin dan minder ynvestearre wurde yn projekten om de leefberens yn de doarpen te ferbetterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)