Kanon skiednis op skoalle

15 jan 2013 - 13:25

De bern fan de Willem Alexanderskoalle yn Ljouwert hawwe in kanon fan 'e Fryske skiednis makke. Dy bestiet út trije panielen mei 41 finsters dy't bylden sjen litte fan de wichtichste persoanen en barrens út de Fryske skiednis. Direkteur Saskia Bak fan it Fries Museum ûntbleate de trije panelen mei help fan de bern. Dêrnei kaam Grutte Pier mei syn megaswurd op de skoalle del.

De panielen bliuwe op de skoalle. Se sille brûkt wurde by it ûnderwiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)