Ruten ynsmiten yn Harns

15 jan 2013 - 11:11

Unbekenden hawwe ôfrûne nacht yn Harns de ruten fan in wenhûs ynsmiten. De bewenners leine al op bêd en fernamen der neat fan. De froulike bewenner ûntduts de fernieling doe't se nachts eefkes ûnder wêze moast.

De plysje ûndersiket de saak. It troffen hûs stiet oan de Domela Nieuwenhuisstrjitte.

Trefwurden: 
Harns ruten
(advertinsje)