Fakbûn hopet op fallisemint

Fakbûn CNV hopet dat de rjochtbank boubedriuw Koster yn Ryptsjerk tiisdei fallyt ferklearret. It boubedriuw hat it personiel yn novimber ûntslach oansein, omdat de oarderportefeuille der min útsjocht. De wurknimmers sitte allegearre noch yn de opsistermyn. Se binne dêrom noch altyd yn tsjinst fan it bedriuw. Neffens it CNV hawwe se harren lean oer desimber net krige en driget dat ek te barren mei jannewaris.
It fakbûn hopet no dat de rjochtbank Koster fallyt ferklearret. Net earder as dan betellet it UWV it achterstallich lean út.