Wâldkarmerk foar kroket
De poddestoelkroketten fan snackbar 't SnackBearske yn Beetstersweach binne sûnt moandei in offisjeel streekprodukt fan de Wâlden. De shiitakepoddestuollen dêr't se mei makke wurde, krigen ek dy eare. Se wurde kweekt troch de firma De Feanhoper op De Feanhoop.
De poddestuollen en de kroketten krije it streekkarmerk Wâldpyk.