Wynmûne mooglik tichteby kust

14 jan 2013 - 22:02

Boargemaster Stellinga fan Skiermûntseach is tsjin de bou fan wynmûnen flakby it eilân. Mar de kâns dat soks bart, is wol grutter wurden. Oant no ta binne inkeld mar parken boud bûten de 12 mylsône. Dat is sa'n tweintich kilometer út de kust

De Twadde Keamerfraksjes fan PvdA en CDA freegje tongersdei oan de minister fan ekonomyske saken of hy ûndersykje wol oft der tichteby boud wurde kin. Dat wie in taboe, mar dat wolle de PvdA en CDA trochbrekke. Wynmûnen dy't tichteby de kust stean, binne folle goedkeaper.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)