Farferbod yn Fryslân

Reedride © Omrop Fryslân, Geale Groen
Der mei fan tiisdeitejûn seis oere ôf net mear fearn wurde yn Fryslân. Dat hat de provinsje besletten. It farferbod is bedoeld om de oangroei fan it iis te befoarderjen. De kommende dagen wurdt foar sawol oerdeis as nachts froast ferwachte.
Allinnich op de wichtige rûtes foar de skipfeart mei noch fearn wurde. It giet dan bygelyks om it Prinses Margrietkanaal, it Van Harinxmakanaal en de farwei nei Drachten en It Hearrenfean. As de froast trochset, kin de provinsje noch beslute om foar dy rûtes ek in farferbod yn te stellen.