Mar ien rydstrook op Wâldwei
It ferkear op de Wâldwei by Ljouwert moat takom wike moandei 21 jannewaris rekken hâlde mei fertraging. Rykswettersteat is fan 7 oere jûns oant 2 oere nachts dwaande mei wurk oan de N31. Fan 'e Werpsterhoeke oan it Himriksein ta is yn dy perioade mar ien rydstrook beskikber. It ferkear wurdt omlaat oer Ljouwert.