Douma nije direkteur Elkien
Lieuwe Douma is de nije direkteur Klant & Woning fan wenningboukorporaasje Elkien. Mei de oanstelling hat Elkien wer in folsleine direksje. As direkteur Klant & Woning hat Douma ek de lieding oer in seistal teams, wêrûnder ynvestearrings, deistich ûnderhâld en planmjittich ûnderhâld.
Douma wie hjirfoar ûnder oare direkteur by Reitsma Drachten Bouw & Vastgoedontwikkeling.